Eigen taalwet foar Friezen

Sûnt 1 jannewaris 2014 hawwe de Friezen in eigen taalwet: de Wet gebrûk Fryske taal. Dêr wurdt yn regele dat it Frysk en it Nederlânsk de offisjele talen binne yn de provinsje Fryslân. Wetlik stiet fêst dat Fryske boargers it rjocht hawwe om yn de rjochtseal en yn it kontakt mei bestjoersorganen it Frysk te brûken. Fierder regelet de nije wet it oanskerpjen fan regels oer it brûken fan de Fryske taal troch de desintrale oerheden yn Fryslân. Dy bestjoersorganen moatte tenei regels en in beliedsplan opstelle foar it gebrûk fan de Fryske taal.

Tagelyk is ek in nij Orgaan foar de Fryske taal ynsteld, mei wetlike taken om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen. It Orgaan foar de Fryske taal sjocht ta op de status en it brûken fan it Frysk yn de provinsje. It advisearret en rapportearret oan bestjoersorganen (lykas ministearjes, provinsje en Fryske gemeenten) en rjochterlike ynstânsjes. It hat ek in agindearjende en advisearjende funksje. Boppedat sjocht it ta op de krekte ynfolling fan it Kaderferdrach foar Nasjonale Minderheden en op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen.


In heuchlike dei

In heuchlike dei, moandei 15 oktober 2012. De nije webside fan Taalwurk Fryslân is yn ‘e loft. Oersichtlik en dúdlik mei in moaie strakke lay-out, mei tank oan ûntwerper Frederik van Dijk fan Soundguard. De prachtige foto’s fan Cees van der Meulen jouwe it gehiel in eigen, Fryske útstrieling. Sa sille grif noch mear minsken en ynstânsjes derta komme om wurk yn it Frysk oersette te litten. Dat is goed foar harren, goed foar Taalwurk Fryslân en goed foar it Frysk. Wat wol in mins noch mear.